Hokjes Fakjes
Tekst en muzyk: Rikkert Zuiderveld
Oersetting: Syb van der Ploeg

Ik praat der f-faak raar yn om
- Dû bist in stammerder
Ik doch myn saakjes rêstich oan
- Dû bist in treuzelder
Myn tosken steane bryk en skean
- Dû hast in beugelbek
't Is raar mar ik bin se kwyt
- Dû hast in fytserek

Hokjes fakjes
Wy dogge elkenien yn hokjes fakjes
As se oars binne as wy
Blokjes plakjes
Wy snije elkenien yn blokjes plakjes
As se oars binne as wy

Ik hâld fan kreaze nije klean
- Dû bist in moadepop
Ik ha sa'n lêst fan pûkeltsjes
- Hé smoarge pûstekop
Ik ben een echte Grunneger
- Dû bist in sûkerbyt
Myn heit dy is in Marokkan
- Dan bistû Islamyt

Hokjes fakjes...

Ik fiel my faak net lekker
- D^bist in âlde seur
Ik draach in deftich birltsje
- In echte direkteur
Ferjit ik wer myn skoalletas
- Dû bist in slodderfos
Myn hier dat is net wosken
- Hé smoarge lúzebos

Hokjes fakjes...
Katolike skeane brike
Iepenbiere lichte swiere
Aloochtoane ûngewoane
Tuttebellen núvere fellen
Asosjale kannibalen
Fette grouwe ûnbehouwen
Rare kwasten en fantasten
Domme skele kriminelen
Oaljekoeken holledoeken
ütslovers oanstellers
Aso's flippo's grevo's
Dombo's

Staat op: Bûter, brea en... Elly & Rikkert