Grutte Minsken
Tekst en Muzyk: Rikkert Zuiderveld
Oersetting: Tineke Schilstra-Kalsbeek

Grutte minsken
Wat moeat men dêr no mei
Grutte minsken
Wat moat men dêr no mei
Se boartsje mei saken en mei oarloch
En kaptaal
Wolle allegare
Mei it moaiste oan'e haal
En ast' har fregest: wêren
dan sizze se: dêrom
Grutte minsken
Wat moat men dêr no mei

Grutte minsken
Is net folle oan te dwaan
Grutte minsken
Is net folle oan te dwaan
Se binne klearstoomd foar de grutte boaze wrâld
It fjoer yn dreamen
Dy't se dreamden is no kâld
En se sjogge gjin wûnden
Se kinne wol sûnder
Grutte minsken
Is net folle oan te dwaan

Grutte minsken
Dat is in soart apart
Grutte minsken
Dy witte hoe 't it moat
En alles wat de bern net yn har holle helje meie
Dat dogge hja samar sûnder derfan spyt te krijen
En roppe wy: ja mar
Dan sizze se: lit mar
Grutte minsken
Dat is in soart apart

Ik hoop dat as ik nei de twintich rin
Dat ik net ál te gau
Net ál te gau
Folwoeksen bin

Staat op: Bûter, brea en... Elly & Rikkert